Beslach kampioenskij

07 des 2005 - 21:09

De deurwaarder hat woansdei beslach lizze litten op in tal kampioenskij fan feefokker Tiede van der Ploech út Wergea. De 15 kij soene fan 'e moarn ophelle wurde troch justysje en plysje mar de feefokker wist dat úteinlik te kearen. Wol is ôfpraat mei de deurwaarder dat de kij foarearst net ferkocht wurde sille.

De deurwaarder hannele yn opdracht fan in bedriuw dêr't Van der Ploech in saaklik skeel mei hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)