Beslach doarwarder by Centrum

16 jul 2008 - 10:00
  • Beslach doarwarder by Centrum

Fakbûn CNV hat in doarwarder beslach lizze litten op ljedder- en stegerfabryk Centrum op it Hearrenfean. Sa moat foarkaam wurde dat it fabryk leechhelle wurdt.

It CNV hat in rjochtsaak oanspand tsjin it bedriuw, omdat dat noch sa'n 65.000 euro oan achterstallich lean betelje moat oan guon wurknimmers. It fakbûn is benaud dat it weardefolle guod út it fabryk helle wurdt, sadat it achterstallich lean net mear betelle wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)