Beskriuwing fan tinkstiennen

09 maaie 2005 - 17:55

Fan alle tinkstiennen foar de oarloch yn Skarsterlân moat in beskriuwing komme. Dat wol it Geakundich Wurkferbân Skarsterlân. It wurkferbân hat ek plannen om plakettes te pleatsen, ûnder oare by it eardere kamp 'De wite peal'.

It Geakundich Wurkferbân is de lêste tiid drok dwaande mei de oarlochsskiednis. Yn it lêste nûmer fan it tiidskrift 'Ut eigen gea' stean ek in soad ferhalen oer de befrijing en oare saken oer de jierren '40-'45.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)