Beskieden huldiging foar Epke

25 aug 2008 - 12:07
  • Epke Zonderland waard sande

Ek al hat er gjin medalje wûn, dochs wol de gemeente Lemsterlân turner Epke Zonderland yn it sintsje sette. Dat wurdt kommende woansdei dien, mei in resepsje foar genoadigden. Dêr sille neist Epke ek syn begelieders en famylje bywêze, Lemsterlân wurdt fertsjintwurdige troch it gemeentebestjoer.

Der komt gjin grutskalige huldiging, want dat woe Epke sels ek net. Epke Zonderland waard de ôfrûne wike sânde op de Olympyske rekstôkfinale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)