Beskerming tsjin oanfarrings

01 jul 2014 - 18:41
  • De brêge by Aldskou

Njoggentjin brêgen en slûzen yn de provinsje wurde de kommende jierren ekstra beskerme tsjin oanfarrings. Der komme houten of stielen konstruksjes yn it wetter dy't foarkomme moatte dat skippen de brêge of slûs reitsje. In soarte fan fangrail. It giet benammen om brêgen en slûzen yn provinsjaal wetter dêr't in soad frachtferkear delkomt sa as it Van Harinxmakanaal en it Johan Frisokanaal.

De maatregels wurde naam nei oanfarringen by de brêgen fan Koatstertille, Skûlenboarch en Aldskou.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)