Beskerming lytse garnalefisker

15 mrt 2012 - 21:41

De lytse duorsume garnalefiskers moatte beskerme wurde tsjin kollega's dy't mei te grutte skippen fiskje. Om dat te regeljen is yn de Twadde Keamer tongersdeitemiddei in moasje fan Lutz Jacobi (PvdA) en Ad Koppejan (CDA) oannaam. Sy wolle dat der strenger kontrolearre wurdt op it maksimale motorfermogen fan skippen.

Garnalefiskers meie skippen brûke mei maksimaal 300 pk motorfermogen, mar der wurdt net hanthavene. Dêr ha de lytse fiskers fan te lijen en de beide keamerleden fine dat de duorsume fiskerij sa gjin earlike kâns krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)