Beskerming iis Luts net klear

15 jan 2013 - 23:19

Tsjin alle ôfspraken yn binne de maatregels om better iis yn de Luts by Balk te krijen, noch hieltyd net trochfierd. Foar de krystdagen soene yn opdracht fan de gemeente seis skowen pleatst wurde om de wetterlopen út it lân en de bosk nei de Luts ta ôf te sluten. Mar twa dêrfan binne noch hieltyd net oanlein. Neffens Auke Hylkema fan de iiswegesintrale fan Gaasterlân hat de oannimmer net alle nedige materialen binnenkrigen. De earste fjouwer binne tiisdei sletten.

Hylkema hopet dat tongersdei de lêste twa skowen pleatst wurde kinne, oars wurdt in provisoaryske oplossing socht. Ferline jier gong de Alvestêdetocht oer, ûndermear omdat it iis yn de Luts by Balk te min wie. Dat iis wie sa min, omdat der lang grutte wekken wiene by de útlopen út de bosk en fan it lân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)