Beskerming fan feanstripen

22 okt 2013 - 12:49
  • In stripe yn natuergebiet Rottige Meenthe

De Deelen by Aldeboarn en De Rottige Meenthe by Nijetrine krije meikoarten nije wâlbeskoeiïng. De gebieten hawwe te lijen fan achterstallich ûnderhâld. De smelle stikken grûn tusken de petgatten driigje fuort te spielen. Dy soargje derfoar dat wetter en wyn gjin frij spul hawwe en de sompige natoer yn ien grutte mar feroaret.

It is krekt de bedoeling dat de petgatten wer tichtgroeie, sadat nij fean ûntstiet. De petgatten binne ek fan grutte kultuer-histoaryske wearde, om't sy by it turfstekken brûkt waarden om de turf te droegjen.

Behearder Steatsboskbehear hat de opdracht ta de oanlis fan de nije wâlbeskerming jûn. It measte wurk wurdt yn De Deelen dien. De oanlis kostet hûnderttûzenen euro's.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)