Beskermd gebiet foar kolguozzen

24 mrt 2004 - 00:00

It gebiet Tibben by Ie is troch de Raad van State oanwiisd as beskermd gebiet foar kolguozzen. Dêr mei bygelyks net jage wurde as der kâns is dat de fûgels yn it gebiet oanwêzich binne.

Neffens de Europeeske Fûgelrjochtlinen moat elke lidsteat 5 beskermingssônes ynstelle. It ministearje fan LNV wegere dit oant no ta, om't it ras genetysk net suver wêze soe. De Ried fan Steat oardielet oars. Der komme lykwols trije fan sokke gebieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)