Besite oan Starum en Ealahuzen

14 jun 2013 - 12:34
  • It keninklik pear op de boat yn Starum
  • Keninklike besite oan Ealahuzen
  • Boargemaster Apotheker sjocht de keninklike gasten fuortfarren

Kening Willem-Alexander en keninginne Máxima binne om healwei ienen ôfset út Starum wei. Se farre mei de boat nei Noard-Hollân. By de besite oan Starum hat de skutterij in earesalút jûn. De besite fan it pear stie yn it ramt fan fiskerij en toerisme en it simmerkarnaval. Op de kade wiene muzykoptredens en de jeugd sylde yn de binnenhaven.

Earder wie it pear yn Ealahuzen, dêr't de skutterij fan Sleat in earesalút joech. Dêrnei giene se nei it skip De Beatrix. Op it skip wurde wettersportaktiviteiten foar ferstanlik hendikepten organisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)