Besite-froulju los yn Drachten

03 nov 2008 - 15:41

Ein dizze moanne set de Maatskiplike Onderneming Smellingerllân út ein mei in nij projekt: besitefroulju. Iensume froulju moatte út har isolemint helle wurde en dat kin mei help fan saneamde besite-froulju. Op dit stuit wurde seis froulju hjirfoar oplaat: fjouwer allochtoane en twa autochtoane.

It fenomeen besite-froulju is net nij. Mar Drachten is it earste plak dêr't ek autochtoane froulju opsocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)