Besite foar 65+ Menameradiel

30 jan 2012 - 22:54

Minsken boppe de 65 jier yn de gemeente Menameradiel krije fan febrewaris ôf allegearre besite fan frijwilligers. Dy wolle witte oft de 65-plusser ferlet fan help hat. De frijwilligers sille ek freegje wat de âldere minsken nedich hawwe om salang mooglik selsstannich wenjen te bliuwen.

It projekt wurdt útfierd troch it âldereinwurk yn Menameradiel yn gearwurking mei de Frijwilligerssintrale Middelsee.

Beide binne ûnderdiel fan de Stichting Wolwêzen Middelsee. De gemeente Menameradiel begjint by de âlderen fan Deinum, Blessum en Boksum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)