Besite bûtenlânske bioboeren

15 nov 2013 - 15:42

Biologyske boeren út Fryslân krije no moandei bûtenlânske kollega's op besite. It giet om boeren of boerelieders út Súd-Amearika en Yndia. Dy binne yn Nederlân útnoege fanwege it 25-jierrich bestean fan fairtrade-organisaasje Max Havelaar. Foar de organisaasje fan it Fryske ûnderdiel is Tûmba ynskeakele. De boeren sille mei-elkoar prate oer wat harren bynt en wat de ferskillen binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)