Besikerstal 50+ beurs falt ôf

24 mrt 2003 - 00:00

De beurs 50+Vitaal, de ôfrûne dagen yn it FEC yn Ljouwert hat sa'n 4000 besikers lutsen. Dat binne in pear tûzen minsder as dêr't de organisaasje op rekkene hie. Neffens dy organisaasje wiene it moaie waar en ek de oarloch yn Irak debet oan it feit dat der minder minsken kamen.

Organisaasje en standhâlders binne teloarsteld oer de besikersoantallen mar geane troch mei de tariedings foar in folgjende 50-plussersbeurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)