Besikerssintrum yn Earnewâld

07 nov 2002 - 00:00

It besikerssintrum foar nasjonaal park De Alde Feanen komt yn Earnewâld. It sintrum wurdt kombinearre mei it nije Fryske lânboumuseum. It beslút wurdt formeel pas ein jannewaris nommen, mar de kâns dat it net yn Earnewâld komt, is frij lyts.

De partijen moatte it noch wol iens wurde oer de lokaasje. It Fryske Gea en it lânboumuseum wollle oan it wetter. De doarpsbewenners wolle it sintrum fierder fan it wetter ôf hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)