Besikerssintrum Woudagemaal

08 nov 2007 - 11:31
  • Monumintaal Woudagemaal krijt besikerssintrum

It Woudagemaal fan Teakesyl by De Lemmer krijt lang om let in besikerssintrum. Takom jier moat de bou begjinne. It sintrum en alles derom hinne, lykas de oanklaaiing fan it terrein, sil 3 miljoen euro kostje.

De stichting Woudagemaal is al tsien jier dwaande mei de plannen foar in besikerssintrum. No wurde de minsken dy't it stoomgemaal besjen wolle ûntfongen yn in pear bouketen. Yn 2009 moat it besikerssintrum der stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)