Besikerssintrum by terp Hallum

25 aug 2007 - 12:38
  • it argeologysk ûndersyk op de Hallumer terp

Lykas as by de terp fan Hegebeintum komt der in besikerssintrum by de terp fan Hallum. Dat makke wethâlder Haye Talsma fan de gemeente Ferwerderadiel sneon bekend by de iepen dei fan de terp.

De opgravings ha in protte bysûndere argeologyske fynsten opsmiten. Sa is der in soad koper fûn ôfkomstich fan in Romeinske koperslager of kopersmid. It besikerssintrum komt mooglik by it Zorgcomplex dat no op de terp komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)