Besikerssintrum oan It Wiid

16 apr 2003 - 00:00

It besikerssintrum fan it Nasjonaal Park De Alde Feanen komt oan It Wiid, tusken it gemaal en it plak foar de dei-rekreaasje. It komt dus net oan de yngong fan it doarp Earnewâld. Dat woene benammen doarpsbelang en de VVV, om't neffens har de measte toeristen mei de auto en net mei de boat nei it doarp komme. De yngong fan it doarp is it drokste plak.

Doel is om it Lânboumuseum en it besikerssintrum te kombinearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)