Besikerssintrum Feanen '07 iepen

11 feb 2006 - 15:56

Nei de simmer begjint de ferbouwing en ynrjochting fan it nije besikerssintrum fan Nasjonaal Park De Alde Feanen. Dat komt yn Bûtenplak It Wiid yn Earnewâld, mei it Frysk Lânboumuseum. Maaitiid 2007 moatte beide gelegenheden iepen foar publyk.

De ferbouwing kostet 4,8 miljoen euro. De provinsje hat 2 miljoen beskikber steld. It Fryske Gea sels stekt der in miljoen yn en de oare 1,8 miljoen komme fan it Ryk, gemeenten en sponsors.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)