Besikerssintrum Appelskea súkses

12 okt 2001 - 00:00

It besikerssintrum fan nasjonaal park It Drents-Friese Wold by Appelskea is no al in grut súkses. Der komme folle mear besikers as ferwachte. It besikerssintrum waard freed iepene troch boargemaster Lesterhuis fan Eaststellingwerf.

It nasjonaal park fan 6000 bunden is noch net hielendal klear. Der moat noch mear bosk en heide oankocht wurde. Ek is der aksje nedich tsjin ferdroeging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)