Besikers Kazematten yn file

07 apr 2013 - 17:13
  • De Ofslútdyk

Besikers fan it Kazemattemuseum en oare automobilisten rjochting Fryslân hawwe sneintemiddei in skoft yn de file stien op de Ofslútdyk. Troch in steuring by de Lorenzslûzen woene de slachbomen net mear omheech. It ferkear hat in oere stilstien, fan sawat 16.10 oant 17.10 oere. Ferkear rjochting Noard-Hollân hie der gjin lêst fan. Dêr wurken de slachbomen wol gewoan.

It Kazemattemuseum hie snein fanwege it museumwykein in soad folk oer de flier. Ferline jier kamen yn it museumwykein mear minsken nei de kazematten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)