Besikers ITGWO-festival Flylân moatte mei de bus nei Harns

18 aug 2015 - 15:04
  • Relaksende besikers fan ITGWO op Flylân

De seistûzen besikers fan festival Into The Great Wide Open op FlyLân moatte op 5 en 6 septimber tusken Ljouwert en de haven fan Harns mei de bus reizgje yn plak fan mei de trein. Der wurdt op dat stuit wurke oan it spoar tusken Ljouwert en Harns. Nienke Bodeweges fan festival-organisaasje seit dat it better is om it wurk te ferpleatsen.

Safolle folk mei de bus ferfiere is neffens Into the Great Wide Open hast net te dwaan. Neffens Bodeweges wie de organisaasje net ynformearre oer de wurksumheden oan it spoar.

Ferfiersbedriuw Arriva lit wite dat besikers fan it In to the Great Wide Open-festival op Flylân net benaud hoege te wêzen foar problemen mei it ferfier tusken Ljouwert en de haven fan Harns. Neffens Arriva wurdt goed rekken hâlden mei besikers fan it festival. Der binne ekstra bussen beskikber en yn bussen dy't op de boat oanslute kinne ek fytsen meinaam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)