Besetting hotels Ljouwert min

19 jul 2013 - 13:45

It giet net goed mei de besetting fan de hotels yn Ljouwert. Der binne folle minder oernachtings as de ôfrûne jierren. Neffens hoteleigeners komt dat omdat it oanbod oan bêden te grut is. Yn 2008 wiene der acht hotels mei 615 bêden, no binne dat der tretjin mei 1040 bêden. Benammen de toeristen litte it ôfwitte. Hotel 't Anker hat op dit stuit mar 40 persint fan de bêden beset, wylst dat by it WTC hotel 50 persint is. De hoteleigeners sjogge foarearst gjin kânsen foar ferbettering.

Dit hat der benammen mei te krijen dat it Van der Valk-konsern meikoarten ek noch in hotel yn de stêd delset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)