Bertesoarch MCL wreidet út

14 nov 2012 - 16:04

De kreamôfdieling fan it MCL yn Ljouwert wurdt útwreide. Dat bart no't dy ôfdieling yn it Dokkumer sikehûs de Sionsberg heal desimber ticht giet. Yn Ljouwert wurdt dêrom mear fraach nei bertesoarch út de regio Noardeast-Fryslân ferwachte. Yn it MCL komme in ekstra ferloskeamer en mear fasiliteiten foar ferloskundigen. De ferbouwing moat yn desimber klear wêze. De ferwachting is dat in grutte groep froulju, dy't oars yn Dokkum befalle soe, no foar Ljouwert kieze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)