Bertels nije direkteur KH2018

04 nov 2014 - 06:02
  • Kulturele Haadstêd 2018

Lieven Bertels wurdt de nije artistyk direkteur fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Bertels is op dit stuit direkteur fan it Sydney Festival. Hy studearre musikology yn België en wie earder artistyk koördinator by it Holland Festival en it Brugse Konsertgebou. Mei syn ynternasjonale ûnderfining en grutte netwurk is Bertels neffens de sollisitaasjekommisje de bêste kandidaat foar it artistyk liederskip by Ljouwert 2018.

John Bonnema wurdt de nije finansjeel direkteur. Dêrmei is de direksje fan Kulturele Haadstêd folslein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)