Bertels: "KH2018 wurdt oars as yn it bidboek stiet"

18 des 2014 - 14:30

It programma fan de Kulturele Haadstêd soe der yn 2018 wolris hiel oars útsjen kinne as dat der oant no ta yn it bidboek opskreaun is. Dat seit de nije artistyk direkteur fan de Kulturele Haadstêd, Lieven Bertels.

De Flaming Bertels is op it stuit noch direkteur fan it Sydney Festival, mar is dizze wike yn Ljouwert om yn de kunde te kommen mei it team wermei't er de kommende jierren oan de slach giet. It programma dêr't oan wurke wurdt stiet al foar in grut part fêst yn it saneamde bidboek. Mar neffens Bertels seit dat net alles.

De Fryske mienskip fan no is net deselde as dy yn 2018 en dus sil ek it progamma dat út de mienskip komt úteinlik oars wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)