Berteleppel foar prinses Amalia

16 jan 2004 - 00:00

Prinsesse Amalia hat fan de provinsje in sulveren berteleppel krigen. It is in ieuwenâlde Fryske tradysje om by de berte fan in poppe in spesjale leppel oan te bieden.

It kado is ûntwurpen troch sulversmid Theo van Halsema en hat de foarm fan in pompeblêd. Yn it hânfet stiet it wapen fan de provinsje gravearre. De provinsje wol mei it ûntwerp de bining tusken it keninklik hûs en de provinsje ta utering bringe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)