Bert Middel nei Grins?

06 apr 2009 - 15:02
  • Bert Middel kandidaat foar Grins?

Boargemaster Bert Middel fan Smellingerlân wurdt neamd as de nije boargemaster fan Grins. Dat meldt it Dagblad van het Noorden. Op dit stuit rint de sollisitaasjeproseduere foar de funksje, dy't fakant wurdt omdat Jacques Wallage dermei ophâldt.

Neist Middel wurde de âld-ministers Ella Vogelaar en Johan Remkes kânsryk foar it amt achte. Ek Fries-om-utens Doekle Terpstra soe op de kandidate-list stean. Middel wol sels gjin kommentaar jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)