Berôving yn Minnertsgea

20 aug 2011 - 12:31

In man út Minnertsgea is freedtemiddei berôve op it skelpepaad by de Hearrewei. De man rûn mei syn rollator oer it paad doe't hy passearre waard troch twa scooters. Dy stapten ôf en ien fan de scooterriders bedrige de man, mooglik mei in fjoerwapen. Hy easke jild fan de man. Neidat it slachtoffer him dat jûn hie naaiden de dieders wer út.

De plysje siket tsjûgen fan de berôving. De dieders binne trije manlju fan tusken de 30 en 40 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)