Berôving by parkeargaraazje

26 jan 2014 - 15:25

In frou fan 61 jier út Ljouwert is sneontenacht berôve yn har wenplak. Se stie eefkes foar tolve oere by de yngong fan de parkeargaraazje oan it Saailân. Ynienen luts in man har mei aardich wat geweld de tas fan it skouder. De frou foel dêrtroch.

De dieder naaide út mei de tas fan de frou. De plysje is op syk nei de man.

Neffens de plysje is de dieder in blanke man fan fan sawat 30 jier en 1.80 oant 1.85 meter lang. Hy hie in donkere jas oan mei in kapusjon. De stellen tas is brún fan kleur.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)