Berôving mei mes op de kiel

20 nov 2000 - 17:35

In 23-jierrige ynwenner fan Britsum is moandeitemoarn betiid berôve. Hy moast ûnder driging fan in mes op de kiel syn beurs ôfstean. De dief helle it jild út de ponge en smiet de beurs dêrnei fuort.

De fertochte is in man tusken de 20 en 25 jier. Hy hat in normaal postuer, in swarte snor en donker kroljend hier. Hy hie donkere klean oan en prate mei in Ljouwerter aksint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)