Berop tsjin skorsing Grindheim

08 okt 2009 - 16:23
  • Hearrenfean net akkoart mei skorsing

SC Hearrenfean giet net akkoart mei ien wedstryd skorsing foar Christian Grindheim. De Noarske fuotballer is foar ien wedstryd skorst, omdat er foar de kamera fan Eredivisie-live "fuck you" sei.

Neffens direkteur Yme Kuiper mjit it fuotbalbûn mei twa maten. "Doe't Ron Jans de middelfinger opstuts, krige er ek gjin skorsing," sa seit Kuiper. Grindheim is yntern oansprutsen op syn gedrach, mar neffens Hearrenfean giet in skorsing te fier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)