Berop tsjin mear glêstúnbou

24 apr 2009 - 15:26

De Fryske miljeufederaasje en de Waadferiening stappe nei de Ried fan Steate om it glêstúnbougebiet by Seisbierrum tsjin te hâlden. Beide natuerorganisaasjes fine dat der by de plannen te min rekken hâlden wurdt mei de natuer. Sa jouwe de kassen ek nachts in soad ljocht. Fûgels soene dêr bot lêst fan hawwe.

De organisaasjes wolle dat de oanlis fan de diken yn it gebiet foarlopich net begjint. Se hawwe ek twivels oer it ferlet oan mear kassen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)