Berop tsjin boete Megahome

22 jan 2014 - 10:58

Tytsjerksteradiel tekenet heger berop oan tsjin de goed njoggen ton dy't de gemeente betelje moat oan Megahome. It bedriuw hie boukavels fan Tytsjerksteradiel kocht, mar dy levere de grûn fjouwer jier te let op. Yn de oerienkomst tusken de twa stie dat der dan in boete betelle wurde moast, de rjochter feroardiele de gemeente koartlyn ta it beteljen dêrfan. Tytsjerksteradiel fynt no dat de rjochter by syn oardiel te min sjoen hat nei de ynspannings dy't de gemeente dien hat om de grûn wol op 'e tiid op te leverjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)