Bernlefpriis nei Piter Wilkens

24 mrt 2010 - 21:02
  • Piter Wilkens krijt tongersdei de Bernlefpriis útrikt
  • Wilkens by de útrikking

Sjonger Piter Wilkens fan Marrsum hat de provinsjale Bernlef-priis wûn. Hy krige de priis tongersdei útrikt troch deputearre Jannewietske de Vries. Piter Wilkens krijt de priis foar al syn wurk.

De Bernlefpriis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt en is bedoeld foar Frysktalige muzyk yn alle sjenres. Piter Wilkens krijt de Bernlefpriis 2010 yn it sjenre lichte muzyk. De priis bestiet út in oantinken en in bedrach fan 2 tûzen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)