Bernleffilm lûkt 10.000 minsken

14 jan 2003 - 00:00

Der is noch hieltyd in soad belangstelling foar de protestfilm 'De Kameleon sjocht yn it waar' fan studinteferiening Bernlef út Grins. De makkers ferwachtsje no tongersdei yn Heech de 10.000ste besiker. It wurde der noch folle mear, want de toernee lâns doarpshuzen rint troch oant april.

De produsinten fan 'e film meitsje tiisdei yn Grins mei Pyt Paulusma opnames foar in fideoklip fan it nûmer 'Pyt' fan Bombarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)