Bernlef siket ferneamde Friezen

04 maaie 2004 - 00:00

Studinteferiening Bernlef út Grins wol in list opstelle fan 80 ferneamde Friezen. Oanlieding is it 80-jierrich bestean fan de feriening takom jier. De aksje begjint op Befrijingsdei.

Friezen kinne oanjaan watfoar pommeranten fan earder en no op de list komme moatte. Fan it hjerst wurdt de folsleine list publisearre op de side www.bernlef.com. Dan kin ek fia ynternet stimd wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)