Bernlef mei bierfyts net brûke

17 aug 2010 - 11:15
  • De ferbeane bierfyts (foto: Bernlef-site)

Studinten fan de Fryske studinteferiening Bernlef binne moandei yn it sintrum fan Grins mei har bierfyts troch de plysje oan de kant set. Ferline wike bepaalde in rjochter dat de bierfyts te breed is om op de wei ta te stean.

It bestjoer fan Bernlef hiert elk jier in bierfyts foar de Keiwike, de yntroduksjewike foar studinten, en hie net by it ferbod stilstien. De fyts soe de hiele wike brûkt wurde yn it programma.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)