Bernlef kin boete betelje

15 okt 2008 - 10:32
  • Bernlef hat genôch jild ophelle

Studinteferiening Bernlef hat mear as 10.000 euro ophelle om de boete te foldwaan dy't de feriening krigen hat. De rjochter fûn dat Bernlef it auteursrjocht fan útjouwer Kluitman skeind hat mei de Fryske Kameleonfilm dy't de studinten makke ha.

Om de boete fan 11.300 euro betelje te kinnen, binne benefytsaksjes hâlden. Om de lêste 500 euro binnen te heljen, wurdt yn it ferieningsgebou yn Grins noch in benefytútfiering spile fan it toanielstik Katarsis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)