Bernetraumasintrum iepene

20 okt 2006 - 17:24

It moat ìt ekspertizesintrum fan Fryslân wurde: it Kinder- en Jeugd- traumacentrum Fryslân. Yn jannewaris dit jier is begûn mei de behanneling fan bern dy't te krijen hawwe mei húslik geweld. Sy rinne faak grutte trauma's op. Mei boartersguod, sjongen en dûnsjen wurdt besocht de bern der yn Ljouwert wer boppe op te krijen.

Freed wie de offisjele iepening fan it sintrum, dat him spesjalisearret yn de behanneling fan traumapasjintjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)