Berneskedel fûn yn Jelsum

26 aug 2010 - 15:23
  • De skedel dy't fûn is
  • In oersicht fan de opgravings by Jelsum

By opgravings yn Jelsum is yn in âlde wetterput in berneskedel fûn dy't brûkt is by in mysterieus offerritueel út it begjin fan de jiertelling. De plasse is fan in bern tusken de 10 en 15 jier âld. Neffens ûndersikers fan de Ryksuniversiteit fan Grins waarden eartiids skedels yn in wetterput smiten as in soarte fan offerritueel.

It gie dan om de ferearing fan ferstoarne famyljeleden. Kommende sneon is it plak fan opgravings iepen foar it publyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)