Bernesjongfestival yn Drachten

01 apr 2006 - 14:53

Skoalle It Grovestinshof yn Koudum wie freed de grutte winner op it Bernesjongfestival yn De Lawei yn Drachten. Se wûnen mei it liet 'Boargemaster Ikke'. Sy meie ek optrede op it Liet-festival yn Ljouwert.

De grutte seal wie hielendal útferkocht by dizze fyfde edysje. It festival wurdt alle twa jierren hâlden. Tsien skoallen mochten it yn de finale tsjin inoar opnimme. It binne wol faak deselde skoallen dy't meidogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)