Bernepornofertochte komt foar

11 aug 2011 - 14:08

De Jouster ûnderwizer dy't yn maaie oanholden is yn in bernepornosaak, hie hast 150.000 foto's en 31 films op syn kompjûter te stean. De Jouster moast tongersdei foarkomme, Hy wurdt fertocht fan it besit, meitsjen en fersprieden fan berneporno. Dêr stiet maksimaal 8 jier sel op.

De man (32) hat as master fan de Van Kleffenskoalle op It Hearrenfean en as trainer fan SC Joure stikem foto's makke fan dûsjende bern. Dat die er tusken 2006 en 2011.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)