Berneopfang Snits noch net ticht

06 des 2006 - 12:32

Twa berneopfangplakken yn Snits dy't mooglik ticht moatte troch in minne GGD-beoardieling bliuwe iepen salang't de rjochter gjin útspraak dien hat. De eigners hawwe in koart pleit oanspand tsjin de sluting.

Kids Only soe freed tichtgean, om't se dêr net goed omgean soene mei hygiëne en brânfeiligens, en omdat der tefolle bern opfongen wurde. De Kindertuyn soe op 1 desimber ticht. Undúdlik is wa 't dêr de fergunninghâlder is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)