Berneopfang sit yn de lift

25 feb 2008 - 19:16

De berneopfang yn Fryslân sit yn de lift. Yn it ôfrûne jier binne hast alle opfangorganisaasjes op in groei fan boppe de tsien persint útkaam.

Benammen yn Ljouwert is de groei grut. Sa hawwe de trije lokaasjes fan berneopfang Catalpa yn Ljouwert in groei hân fan hast 30 persint. Ek yn Drachten binne der in soad bern by kaam. De groei soe te krijen ha mei de ferromme regeljouwing en bettere fergoeding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)