Berneopfang Amarins fallyt

13 aug 2014 - 06:22

In lytse tûzen bern yn Achtkarspelen, Kollumerlân en Dantumadiel binne har opfang kwyt, no't de stichting Amarins fallyt is. De stichting hie yn dy trije gemeenten 18 lokaasjes foar berneopfang. Ek hie Amarins ek in gastâlderburo, dêr't 80 minsken yn tsjinst wienen.

Rick van der Spek fan Trip Advokaten yn Ljouwert is beneamd as kurator. Neffens him is it fallisemint mei feroarsake trochdat âlden har bern fan de opfang hellen, omdat sy dy net mear betelje koenen. Der is noch wol besocht om in fusypartner te finen, mar dat is mislearre.

De kurator besjocht noch oft in trochstart mooglik is. Foarearst draait de berneopfang noch efkes troch. De 80 meiwurkers wurde woansdeitejûn op in byienkomst bypraat oer it fallisement en hoe it no fierder giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)