Bernelokker stie ûnder tafersjoch

09 sep 2015 - 16:37

De bernelokker út Veendam dy't oanhâlden is foar it lestich fallen fan bern yn Ljouwert en Drachten is faker feroardield en siet noch yn syn proefperioade. Dat docht bliken út ynformaasje fan it Iepenbier Ministearje. De 45-jierrige man út Grinslân spruts bern oan yn boarterstunen en koe dan syn hannen net thúshâlde.

De man is fiif kear earder feroardiele foar soartgelikense sedemisdriuwen. Sa krige hy ferline jier in selstraf ûnder betingst fan in healjier, wêrby't er him trije jier lang net skuldich meitsje mocht oan in misdriuw.

Dochs gie de Veendammer dit jier wer yn de fout en makke tsientallen slachtoffers tusken de 4 en 8 jier yn Fryslân en Drinte. Yn Fryslân giet it om 20 jonges en famkes. Om't de slachtoffers yn spesjale ferhoarkeamers in goed sinjalemint joegen, koe de fertochte in moanne lyn oanhâlden wurde. Hy sit noch fêst en hat bekend. Alden en bern krije slachtofferhelp om't se noch hieltiten fan slach binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)