Bernekampus Burgum wreidet út

28 sep 2015 - 14:19
  • Ynformaasje oer sûn ite mei jonge bern

It konsultaasjeburo en it jeugdteam fan Burgum sitte fan tiisdei ôf by de bernekampus yn Burgum yn. Beide organisaasjes krije dan in romte yn basisskoalle CBS De Arke.

De bernekampus, dêr't ek de berne-opfang, de iepenbiere basisskoalle en it pjutteboartersplak diel fan útmeitsje, is trije jier lyn betocht yn gearwurking mei de gemeente Tytsjerksteradiel. Ek it swimbad fan Burgum, dat njonken de bernekampus leit, wurket mei oan aktiviteiten fan de ynstellings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)