Berneferbliuw Ljouwert fallyt

15 jun 2011 - 15:48
  • (argyffoto)

Bernedeiferbliuw Ikke Pikke Porretje yn Ljouwert is woansdei fallyt ferklearre. Oarsaak is in skuld dêr't memmebedriuw Kindercentra Beheer BV net fan ôf wist. By it deiferbliuw wurkje 12 minsken. Goed 30 âlden bringe har bern der hinne.

Ikke Pikke Porretje giet noch net ticht troch it fallisemint. De kurator wol besjen oft in trochstart mooglik is. Alle meiwurkers bliuwe oan it wurk en de bern kinne by it bernedeiferbliuw terjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)