Bernedeiferbliuw ûntromme

18 sep 2012 - 15:45

Bernedeiferbliuw Bommelstein yn Bûtenpost is tiisdeitemiddei ûntromme fanwege koartsluting yn in tl-lampe. Troch de koartsluting ûntstie in soad reek en moast it deiferbliuw ûntromme wurde. De lieding gie mei alle 25 oanwêzige bern nei bûten ta.

De brânwacht hie de saak gau ûnder kontrôle. Nei in heal oere op strjitte koene de bern der wer yn. De bern fan de bûtenskoalske opfang kinne nei skoalle ek gewoan nei de opfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)